Namme en adres fan fertochte sedesaak De Lemmer op Facebook

31 jul 2019 - 11:50

De ynwenners fan De Lemmer meitsje har bot soargen oer in ûnderstelde bernelokker, dy't fan de rjochter syn proses thús ôfwachtsje mei. De 55-jierrige man wurdt fertocht fan it lokken fan bern yn in bestelbuske. De ûnrêst hat him yntusken ferpleatst nei Facebook, dêr't de man syn namme en adres iepenbier makke binne.

In boarterstûn - Foto: Shutterstock.com

Dat is net akseptabel, fynt PvdA-riedslid Wietze de Haan yn de Fryske Marren. "Dat kin fansels net. Ik begryp dat minsken lulk binne of har net op harren gemak fiele, mar foar dit soart dingen hawwe wy privacywetjouwing."

Earder waard bekend dat bewenners fan de Lemster Fûgelbuert benaud binne foar de feiligens fan harren bern, no't de man wer yn de wyk wennet. De man is foarige wike ûnder elektroanysk tafersjoch pleatst, neidat er de ôfrûne moannen fêst sitten hat.

"Litte we ús ferstân bewarje"

De fertochte is, salang't er net feroardiele is, ûnskuldich, leit De Haan út. "Eartiids hiene we de skandepeal. Dy is der net mear, dêr hawwe we gelokkich ús rjochtssysteem foar. Lit dat asjebleaft oer oan dejingen dy't dêroer geane", seit De Haan. "Ik kin my foarstelle dat minsken frustrearre binne, mar litte we asjebleaft ús ferstân bewarje."

De plysje lit witte dat se oan de doar west ha by de minsken dy't de namme en de foto fan de fertochte op Facebook setten ha. Se hawwe harren frege om it berjocht derôf te heljen. It soe smaadlik wêze, omdat de rjochter him noch net oer de saak útsprutsen hat.

PvdA-riedslid Wietze de Haan

(advertinsje)
(advertinsje)