SKS stelt wedstriid by Terherne mei oardel oere út fanwege min waar

It skûtsjesilen by Terherne begjint oardel oere letter as normaal. Dat meldt de SKS. Der wurde swiere buien ferwachte, mei wynstjitten.
© ANP
Neffens waarman Piet Paulusma giet it 'derom wei' op de Snitser Mar. De SKS meldt dat de wedstriid om healwei fjouweren begjint. Dan soe it gefaarlikste waar foarby wêze.

Protesten

It bestjoer fan de SKS hat by it rûtebesprek ek bekend makke dat de wedstriid fan Earnewâld gewoan meitelt foar it klassemint. De skippers fan Langwar en de Súdwesthoeke hiene protest yntsjinne tsjin de kommisje, omdat se fûnen dat it gjin 'weardige' silerij wie. Troch de draaiende wyn op de lytse wetters soe de striid net earlik west ha.
Nefens foarsitter René Nagelhout fan de SKS hat de kommisje fan Earnewâld in goede en folweardige wedstriid organisearre.
Yn ferbân mei de PC yn Frjentsjer is it skûtsjesilen net op telefeyzje te sjen. De wedstriid by Terherne wurdt rjochtstreeks útstjoerd op omropfryslan.nl.