Bysûndere PC-byldsjes nei heale iuw wer thús yn Frjentsjer

Yn 1969 ferdwûnen twa byldsjes fan in telegraaf by de PC yn Frjentsjer. De byldsjes waarden doe meinaam troch Henk Buis fan Orvelte, Drinte. In heale iuw letter binne se wer werom yn de keatsstêd. Neffens Buis wie it tiid dat se wer nei 'hûs' giene.
© Fotokoopmans Dronryp
Ald-kommisjefoarsitter fan it Frjentsjerter Keatsmuseum Jan Hiemstra brocht in besite oan museumdoarp Orvelte, yn Drinte. Dêr rekke er oan 'e praat mei Buis. Doe waard it ferhaal oer de stellen byldsjes stadichoan dúdlik.
"In 1969 was ik een beetje van het padje", fertelt Buis. "Het begon bij mijn eerste grote liefde, die in de zomer besloot de bons te geven. Daar was ik zo van ondersteboven, dat ik besloot met de lokale kermis mee te trekken naar Franeker." Hy kaam telâne op it Frjentsjerter Sjûkelân.

Fryske freon

In freon fan Buis, mei de Fryske achternamme Poortinga, pleage him der altyd mei dat de Hollanners troch de Friezen ferslein wiene by de Slach by Warns. Buis ferwarre him troch te sizzen dat Hollanners wol hiel hurd drave kinne. "Toen keek ik naar de telegraafpaal. Daarop stonden twee mooie beeldjes met een wapen ertussen. Ik zei dat ik die beeldjes, voor het oog van duizenden Friezen, weg kon nemen en dat ik weg zou zijn, voordat ze het doorhadden."
© Fotokoopmans Dronryp
En dat slagge. "Ik ben meteen naar de vrachtwagen gegaan waarin ik sliep op de kermis en heb het beeldje onder het stro verstopt." It gie om byldsjes fan twa froulju, dy't it wapen fan Frjentsjer foarmje. De klok dy't der oarspronklik ek tusken siet, is spoarleas. "Ik heb ze meegenomen naar huis. Ze hebben jarenlang de schoorsteenmantel in mijn studentenwoning gesierd."
Oant Buis in feestje joech, dêr't in soad alkohol oan te pas kaam. "De volgende ochtend werd ik wakker en miste ik helaas de klok. Toen had ik alleen nog de twee vrouwen." Buis hie de byldsjes altyd bewarre. Ek doe't er troude, kamen se yn de keamer te stean. Frou Buis rekke sels tige hechte oan de ornaminten.

Bysûndere moeting

"Totdat ik meneer Hiemstra sprak, die vertelde dat hij uit Franeker kwam. Ik zei dat ik zulke warme herinneringen had aan Franeker", fertelt Buis laitsjend. "Hij luisterde heel aandachtig. En vroeg of ik de beeldjes nog had. Trots als ik was, haalde ik de beeldjes op." Hiemstra wie fuortendaliks ûnder de yndruk. Neffens him moasten de bylden werom nei it keatsmuseum yn Frjentsjer.
It wapen fan Frjentsjer © Wikipedia
Op dat stuit wie it hast fyftich jier lyn dat Buis de byldsjes meinaam hie út de keatsstêd en neffens him wie it tiid dat de twa froulju werom giene nei hûs. "Ik vond het een verschrikkelijk mooi moment om ze terug te brengen naar waar ze thuishoren", fertelt de Drint.
Henk Buis oerlange de byldsjes tiisdeitejûn, yn it PC Kafee fan Omrop Fryslân, oan PC-boumaster Theunis Bakker. Se waarden presintearre yn in houten kistke mei strie deryn, as knypeach nei it feit dat Buis de byldsjes yn 1969 yn it strie ferstoppe.
"Dit is fansels geweldich. It binne deselde byldsjes as de rest fan de relikwyen op it fjild", sei Bakker. "Op it bolwurk hinget in soartgelyk byldsje. Mooglik dat se nei it Keatsmuseum geane. Miskien meitsje we ek wol in kopy en werstelle we de byldsjes yn eare boppe-op de telegraaf."
Henk Buis fertelt oer de reis fan de twa byldsjes