Liveblog | 31 july 2019

LIVEBLOG: Folgje hjir alles oer de 166e PC yn Frjentsjer

Yn dit liveblog bliuwe je de hiele dei op 'e hichte fan al it nijs oer dizze wichtichste keatswedstriid fan it jier by de manlju.
Lêst bywurke: 31 july 2019, 20:59
21:00

Oant safier dit liveblog oer de PC

Mei it útroppen fan kening Hans Wassenaar slute wy dit liveblog fan de 166e PC ôf by Omrop Fryslân. Reaksjes fan de winners en de ferliezend finalisten fine je daliks op ús webside, www.omropfryslan.nl of op ús app. Elkenien tige tank foar it folgjen en graach oant sjen!
20:51

Hans Wassenaar útroppen ta kening

Hans Wassenaar © Omrop Fryslân
20:37

Sjoch nei de lêste slach en de reaksjes

20:34
20:27

Partoer Marten Bergsma wint de PC

Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar hawwe woansdeitejûn de 166e edysje fan de PC wûn. Op it Sjûkelân yn Frjentsjer wiene sy yn de finale ienfâldich mei 5-2 6-4 te sterk foar favoriten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. It is foar Bergsma de earste kear dat hy de PC wint.
© Omrop Fryslân
20:16