Kollum: "Drûch"

31 jul 2019 - 08:44

"Sa drûch as hop, sei ús mem eartiids altyd. Letter fûn ik dat wol frjemd, want doe hearde ik dat je fan hop bier meitsje. No en dat is alhiel net drûch. Sterker, dêr sûpe we op it heden amers fol fan op. Dat litte we net op it lân rinne, want dan wurde mûzen dronken.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

It betsjut dat de drûchte soarget dat ek Fryslân in soarchsum wetterskip hat, dat oer in pear dagen, miskien hjoed al, melde sil dat it dreech is om earne noch wetter wei te krijen. It grûnwetter stie ferline jier al in heale meter leger, dat wurdt no noch in kear sa slim. It Woudagemaal op 'e Lemmer en it Hooglandgemaal yn Starum wurde nije wike omboud, dy meie inkel noch wetter ynlitte.

Dat komt allegearre fan it waar en it waar is fan it KNMI. Dat it ek yn Fryslân té drûch is, kin it KNMI neat skele. Sy sitte oer jim yn. Se struie dêrom mei koades.

Koade giel betsjut kâns op gefaarlik waar. Mooglik. Dêr sjocht dus net ien nei. Koade oranje betsjut dat der kâns op ekstreem waar is. Jo kínne der oerlêst fan krije. Kâns en kin. Lit mar. By koade read moatte je wat dwaan. Wat, dat is net bekend, mar it waar teskuort de mienskip. Dêr kin ek nimmen him wat by foarstelle. Dus we sjogge wol, it waar kin je net bepale, we harkje net nei de koades.

It soe ek better wêze as we konkrete stappen nimme. Dat we ús realisearje dat Gerrit Hiemstra miskien wol gelyk hat. De waarman fiert op Twitter in fûle striid mei lju dy't sizze dat it klimaat net feroaret. Dat we neat hoege te dwaan. Gerrit seit dat wy it waar fernield hawwe. En dat moatte we sels ek wer goed meitsje.

We moatte ús dus realisearje dat it de kommende jierren lykwols drûch bliuwt. Ja, der kin wol in bui falle, dat is ek noch faak in koade oranje-ekstreme bui. Dêr hawwe we te min oan. Boeren ha leaver seis dagen in motreintsje. Ekstreme reinen bin ynsidinteel. We komme simmers oanien ta deselde of noch hegere temperaturen as no. Dan kinne we jierren troch mei dat ûnsingedoch fan waarmterekôrs en sa. Ja, it wie yn 1944 in hite simmer. Dy fan '76 ha ik sels noch meimakke. Wat ynteressearret it my no dat it ferline wike yn Starum 36,2 graden wie, ik ha ek al lêst by de 35.9 dy't ik earne oars hie.

It betsjut dat we echt wat dwaan moatte en net yn sliep falle mei it harkjen nei koades. Gerommel yn de marzje. We moatte ús realisearje dat it hjir stadichoan hjitter wurdt.

Dus it wetterskip moat earne in kwak wetter weihelje. Dat is nuodlik, want Amsterdammers hawwe de Iselmar nedich om leech te drinken en seewetter mei al dat plestik wol net troch ús kranen hinne. Dy gemalen kinne dus sawiesa wol ticht. We moatte oare wetteropfang ha. Fan dy ekstreme buien. Net in sleatsje, nee, grutte bakken fol. Fan sa'n 70 meter heech en in pear kilometer breed. Dêr sette we sinnepanielen op, mar dy moatte we efkes oant de kant skowe as it ekstreem reint.

Presys, ûnsin. Dat kinne we noait foar elkoar krije. It is, lykas by it klimaatferhaal en wat je dêroan dwaan moatte, in hieltyd sykjen nei nije metoades dy't fan pas komme. It moat yn Europa mooglik wêze de snie en rein dy't hjir yn de bergen falt op ien of oare wize hjirhinne te krijen. En yn oare drûge lannen. En je sille produkten meitsje moatte dy't tsjin de drûchte kinne. Sa sille we oan de gong moatte.

We hawwe noch net mear as in pear koades. En hjitteplannen dy't sizze dat je genôch drinken ha moatte. En net yn de sinne sitte. Dat wisten we beide al. Mar it echte teskuorren fan de mienskip is dat we ús net realisearje dat al dy berjochtsjes oer in waarmere see, mei frjemde fisken dy't oanspiele, mei tige frjemde ynsekten, mei oare fûgels in nije tiid oantsjutte. Dat Nederlân, nettsjinsteande bewolking en rein hjoed, tenei in tropysk lân is."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)