Drachtster kontenerpyromaan slacht op 'e nij ta

31 jul 2019 - 07:43

De brânwacht fan Drachten waard yn de nacht fan tiisdei op woansdei op 'e nij alarmearre fanwege in kontenerbrân yn De Wiken, yn Drachten. De nacht dêrfoar wie der ek al sprake fan ferskate konteners dy't yn 'e brân stutsen wiene.

Foto: SrFotografie

Om healwei fiven moarns hinne trof in foarbygonger twa brânende konteners oan op de Dwarswyk. De útriden brânwacht hat de twa konteners mei in hegedrukstriel dwêsten.

De plysje die dêrnei in ynspeksje yn de wenwyk, mar trof neat oan.

(advertinsje)
(advertinsje)