Frou rekket ferwûne by ûngelok mei trekker yn Ingwierrum

31 jul 2019 - 06:39

By in ûngelok op de Mûnebuorren, de N358, by Ingwierrum is tiisdeitejûn in frou ferwûne rekke. By it ûngelok botsten in trekker en twa auto's op elkoar.

Foto: De Vries Media

Ien fan de auto's helle de trekker yn op it momint dat dy linksôf ôfslaan soe, in hiem op. Troch de klap waard de auto optild, wêrby't in parkearre auto rekke waard.

Der kamen twa ambulânses en meardere plysje-ienheden op it ûngelok ôf. De froulike passazjier rekke ferwûne en is nei it sikehûs yn Grins brocht.

De auto en de trekker rekken slim skansearre. De auto is troch in berger fuortsleept.

Trefwurden: 
ûngelok trekker Ingwierrum
(advertinsje)
(advertinsje)