Hurdfytser Pieter Weening nochter oer syn takomst nei fuortfallen sponsor

30 jul 2019 - 23:01

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema hat nochter reagearre op it berjocht dat de sponsor fan syn ploech, Roompot-Charles dermei ophâldt. Dat sei de hurdfytser foar it begjin fan de 38e Profronde fan Surhústerfean. As der net in nije jildsjitter komt, sil hy allinnich nei in nije ploech as it him 'leuk' liket.

De 38-jierrige Weening wie yn Italië doe't hy hearde dat syn ploech op syk moat nei in nije sponsor. "Ik skrok der net fan. It siet der al in bytsje oan te kommen as je de geroften leauwe meie."

De winner fan in Tour-etappe docht syn útspraken krekt foar it startskot fan it tradisjonele kritearium yn Surhústerfean. "Ik wol net op de saken foarút rinne, mar as der net in nije jildsjitter komt, dan sil ik eventueel op syk nei in oar team. Mar allinnich noch as it my leuk liket en se my graach hawwe wolle. It moat wol fan beide kanten komme fansels."

Ik wol net op de saken foarút rinne, mar as der net in nije jildsjitter komt, dan sil ik eventueel op syk nei in oar team. Mar allinnich noch as it my leuk liket.

Hurdfytser Pieter Weening

De ploech fan team Roompot-Charles waard yn 2015 oprjochte. De ploechlieders binne Michael Boogerd, Jean-Paul van Poppel en Erik Breukink. Earst rieden der allinne Nederlanners yn it team, letter kamen der ek hurdfytsers út België by. Yn it team sit njonken Weening ek Lars Boom.

"Guon sitte mei stress"

"De measten sykje no oare ploegen, want dy wolle wol 'renner' bliuwe. Dêrom moat der wol druk op komme om in nije haadsponsor te finen. Guon sille dus wol mei stress sitte", seit Weening.

Pieter Weening wûn sels de Profronde yn 2005.

(advertinsje)
(advertinsje)