Noch hieltyd problemen mei Lorentzsluzen by Koarnwertersân troch oanfarring

30 jul 2019 - 22:49

Der binne noch hieltyd problemen mei de Lorentzsluzen by Koarnwertersân yn de Ofslútdyk. Neffens Rykswettersteat wurkje de seinen foar it skipfeartferkear noch net. Dêrom moatte skippen ûnder begelieding troch de slûs holpen wurde.

Foto: CAMJO Media

De problemen ûntstiene troch in oanfarring yn de foarhaven fan de slûs, oan de kant fan de Waadsee. Troch it ynsidint foelen ferskate systemen út. Moandei wie dêrtroch de noardlike brêge by Koarnwertersân net mear te betsjinjen. As gefolch dêrfan moasten skippen moandei omfarre troch de Stevinsluzen by Den Oever.

Wannear't alle problemen krekt oplost binne, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)