Udo de Haan nasjonaal kampioen twaspan yn Norg

30 jul 2019 - 22:12

Udo de Haan fan De Himrik is tiisdeitejûn op it Concours Hippique yn it Drintske Norg nasjonaal kampioen wurden. Mei syn twaspan Fryske túchhynders Tjibbe PJ en Ysbrand PJ wie De Haan tiisdei de bêste.

Foto: Omrop Fryslân

Yn in spannende finale bleaune de hynders fan stal Wijbenga-van der Ark fan Aldwâld, mei oan de jaachline Udo de Haan, de konkurrinsje de baas. As twadde einige Feike Holtrop fan Baaium mei Jasper en Hessel fan 'e Stjelpdyk, wylst Urbanis K en Ward fan Augustinus Hoekstra fan Sibrandabuorren it tredde plak opeasken.

Sûnt 1978 wurdt yn Norg it Concours Hippique hâlden op it eveneminteterrein. Der kamen tiisdeitejûn in soad topriders yn aksje yn de wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)