Foarsizzing PC 2019: "Partoer Van der Bos noch better as ôfrûne jierren"

30 jul 2019 - 21:39

Sechstjin partoeren stride woansdei op de 166e PC om de wichtichste keatspriis fan it jier. Mei ien fan ús keatsferslachjouwers, Roelof de Vries, sjogge we foarút. Hy set de grutste favoriten op in rychje.

Tjisse Steenstra - Foto: Henk Bootsma

Partoer Van der Bos

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra, Tjisse Steenstra

Roelof de Vries: "Dit is it absolute toppartoer, it te kloppen partoer. As sy keatse sa't se kinne, dan binne se net te klopjen. Dit jier binne se noch better as ôfrûne jierren. Mar se sitte de lêste wiken wol yn in dipke. De fraach is: binne se op tiid wer yn foarm op de PC? En wat wol opfallend is: gewoanwei hat it favorite partoer net de gunfaktor, mar dat is hjir oars. Tjisse Steenstra hat al sa folle prizen pakt, mar noch noait de earste. Dêrom kin hy it publyk wol op syn hân krije."

Hans Wassenaar - Foto: Henk Bootsma

Partoer Bergsma

Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra, Hans Wassenaar

"De grutste konkurrint foar Van der Bos-en-dy is it partoer Bergsma. Se steane op de ranking momenteel earste. Dy ranking is basseare op de lêste trettjin partijen. Bergsma-en-dy hiene in striemin begjin fan it seizoen, mar neffens Hans Wassenaar is Bergsma op it stuit in beest op de opslach. It perk mei Hiemstra en Wassenaar moatst ek gjin opgoaiers jaan, want dêr witte se wol ried mei."

Dylan Drent, Hendrik Kootstra en Bauke Triemstra - Foto: Henk Bootsma

Partoer Triemstra

Bauke Triemstra, Dylan Drent, Hendrik Kootstra

"Dit partoer hat 'm ien kear wûn, mei doe Alle Jan Anema yn stee fan Drent. Se binne echt ôfhinklik fan de goede opslach fan Bauke Triemstra. As dy goed is, kinne se hiel fier komme. Mar hy wie wol te wikselfallich dit seizoen. Drent kin in publyksleaveling wurde. Hy kin yn de hûd krûpe fan syn tsjinstanners, hy kin se mentaal slope. It is in hiel kompleet partoer."

Menno van Zwieten oan de opslach - Foto: Henk Bootsma

Partoer Van Zwieten

Menno van Zwieten, Kees van der Schoot, Erwin Zijlstra

"Dit binne trije keatsers dy't alle trije tsjin de top fan it keatsen skuorje. It binne trije relatyf jonge jonges, dy't al sjen litten ha dat se winne kinne, mar dat moat no noch op it belangrykste toernoai fan it jier. Dit partoer bestiet út in flaterleaze opslagger, ien fan de bêste foarynsen fan it fijld en in allround achterynse."

Enno Kingma - Foto: Henk Bootsma

Partoer Kingma

Enno Kingma, Pieter Jan Plat, Sjoerd de Jong

"De Ljouwerter Biltstars is de bynamme fan dit partoer: se wenje alle trije yn Ljouwert, mar se komme fan It Bilt. Fan dizze fiif partoeren binne sy it minst favoryt, mar dat hat ek te krijen mei de blessueren fan Plat en De Jong. Sy begjinne wol alle twa oan de dei fan de PC, mar it is noch de fraach oft se de dei trochkommme. De Jong hat in skuorke yn de hamstring, Plat hat it skouder út 'e kom en keatst mei in brace om it skouder. As Plat it net oerlibbet, wurdt er ferfongen troch Anema. De Jong troch Iseger. En as Daniël Iseger meidocht, dan is dat in bytsje pikant, want hy is ek trainer fan it partoer Van der Bos."

Dark horses

"De partoeren fan Remmelt Bouma en Auke Boomsma binne de twa dy't ferrasse kinne, neffens my. Bouma ferraste de lêste tiid al, ûnder oare mei de winst yn Seisbierrum. Sy steane fjirde op de ranking. Boomsma keatst mei de ôfskied nimmende Marten Feenstra. Hy wie earder al opholden, mar is wer weromkaam. Feenstra is net bepaald in PC-keatser, mar wa wit hellet de lêste PC bysûndere krêften yn him nei boppen."

Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden - Foto: Henk Bootsma

Winners foarich jier

En de winners fan foarich jier dan? "In jier lyn gie de winst nei Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden. Sy keatse no mei Jelte-Pieter Dijkstra yn stee fan Peter van Zuiden, dy't blessearre is. Se belibje in wat kleurleas seizoen. Ferline jier wûnen se de PC troch flaterleas te keatsen, mar de kâns dat dat wer bart, is lyts."

(advertinsje)
(advertinsje)