Steven Kruijswijk wint de Profronde fan Surhústerfean

De Profronde fan Surhústerfean is tiisdei wûn troch Steven Kruijswijk. De hurdfytser fan Jumbo-Visma bleau Vincenzo Nibali, dy't twadde waard, krekt foar. Wout Poels einige op it tredde plak. De tradisjonele koers yn Surhústerfean yn de wike nei de Tour de France hie te krijen mei perfekte omstannichheden. Op 'e finish yn it sintrum fan it doarp stie it wer grôtfol hurdfytsfans.
Steven Kruijswijk wint de Profronde fan Surhústerfean
Mei nasjonale hurdfyts-toppers as Bauke Mollema, Mike Teunissen, Wout Poels, Dylan van Baarle en Koen de Kort is it de organisaasje fan de 38e profronde ek dit jier wer slagge om in moaie koers foar it publyk del te setten.
De organisaasje hie yn it foar ek noch hope op gieletrui-winner Egan Bernal, mar dy hie tasein om yn België te fytsen. De winner fan it berchklassemint, de Frânsman Romain Bardet, moast al ôfsizze om't er siik is. De organisaasje hie lykwols in poerbêste ferfanger foar him: de Súd-Afrikaan Daryl Impey.
Steven Kruiswijk nei ôfrin

De einútslach yn Surhústerfean:

1. Steven Kruiswijk
2. Vincenzo Nibali
3. Wout Poels
4. Pieter Weening
5. Koen de Kort
6. Dylan van Baarle
7. Bauke Mollema
8. Mike Teunissen
9. Daryl Impey
10.Nicolas Roche
Vincenzo Nibali en Daryl Impey foar it earst yn Surhústerfean

Lêste fiif winners Profronde Surhústerfean

2014 Lieuwe Westra
2015 Peter Sagan
2016 Chris Froome
2017 Tom Dumoulin
2018 Geraint Thomas
Jorrit Bergsma fytst ek yn Surhústerfean
© Orange Pictures