Drones moatte feilichheidsregio's helpe mei de bestriding fan natuerbrannen

De noardlike feilichheidsregio's fan Fryslân, Grinslân en Drinte binne mei-inoar dwaande in droneteam op te rjochtsjen. Dat meldt RTV Drenthe. Dit bart nei oanlieding fan de grutte brân yn in Drints natuergebiet, yn augustus foarich jier.
In drone © Custom Drone
De brânwachten yn Drinte dy't dat fjoer oan it bestriden wiene, krigen help fan de feilichheidsregio Oerisel. Dy sette drones yn om te sjen yn hokker rjochting de brân him fersprate. De grûn wie dêr sa waarm, dat der ek út it neat nije brannen ûntstiene.

Droneteam

Uteinlik giene der tsientallen bunders natuer yn flammen op, mar de evakuearre rekreaasjebedriuwen bleaune sparre. De feilichheidsregio Drinte is dêrop yn petear gien mei Fryslân en Grinslân, om te sjen oft sa'n droneteam ek yn it noarden mooglik is.