Koornbeurs wol mear films fertoane

11 nov 2011 - 13:02

Teater De Koornbeurs yn Frjentsjer sil yn de takomst mooglik mear filmjûnen organisearje om mear besikers te lûken. Dat seit direkteur Rob Roos fan it teater.

Yn it ôfrûne filmseizoen waard der alle tiisdeis in filmjûn hâlden en dat wie tige súksesfol. Sels sa súksesfol dat De Koornbeurs mei goed 40.000 minsken in rekôrtal besikers lutsen hat. Dat soarge der mei foar dat it teater nettsjinsteande de ekonomyske krisis, ôfnimmend teaterbelangstelling en hoareka-ynkomsten gjin ferlies makke hat. Direkteur Rob Roos hoopt dat de gemeente Frjentsjeradiel mei troch de swarte jiersifers op 'e nij ekstra subsydzje oan De Koornbeurs jaan wol.

Trefwurden: 
Koornbeurs
(advertinsje)