Dizze wike yn ús provinsje: de PC, de Snitswike en it Rôggefestival

Simmerdeis is der in protte te belibjen yn Fryslân. Omrop Fryslân ljochtet alle simmerwiken in pear eveneminten út. Dizze wike: de PC, de Snitswike en it Rôggefestival op It Amelân.
PC Frentsjer fan 2017 © Omrop Fryslân, Joris Kalma

PC

It is de wedstriid der wedstriden yn it keatsen: de PC yn Frjentsjer. Neffens tradysje wurdt dizze keatswedstriid op de fyfde woansdei fan july spile. Yn 1853 waard de wedstriid foar it earst holden. Woansdei 31 july sille de keatsers it wer tsjin elkoar opnimme op it Sjûkelân en healwei de jûn sille wy witte wa't der ta 'kening fan de PC' útroppen wurdt.
De Snitswike begjint altyd mei de tradisjonele floatskou by de Wetterpoarte © Omrop Fryslân

Snitswike

Freed 2 augustus begjint de Snitswike wer: it grutste sylevenemint fan Europa. Mei de floatskou wurde alle wedstriidkategoryen tradisjoneel begroete troch de kommissaris fan de Kening en de boargemaster fan Snits. Oanslutend is der fjoerwurk by de Kolk (neist de Wetterpoarte), wat it offisjele startsein fan de Snitswike betsjut.
Nei dit startskot sil Snits oant en mei snein 11 augustus bol stean fan de sylwedstriden op de Snitsermar, de feesten yn de binnenstêd en de merke op it Martiniplein. Fanôf it starteilân binne de wedstriden it bêste te folgjen. Yn de stêd sels wurde tal fan aktiviteiten organisearre. Hâld wol rekkenskip mei drokte: der komme jierliks mear as hûnderttûzen minsken nei de stêd.
Mear ynformaasje oer it sylevenemint is hjir te finen. De aginda mei de aktiviteiten yn de binnenstêd stiet hjir.
© ANP

Rôggefestival

Op it Amelân is freed 2 augustus it jierlikse Rôggefestival. Oerdeis wurdt it sintrum fan Nes omtovere ta in poadium foar strjitteäter. Jûns is der folop muzyk op ferskate poadia. Under oaren Davina Michelle en Van Dik Hout sille optrede op it eilân.
Sjoch foar mear ynformaasje en tickets op de webside fan it Rôggefestival.