Oant 2,5 jier sel foar trije manlju út Noardeast-Fryslân foar kokaïnehannel

30 jul 2019 - 18:49

Trije manlju út Noardeast-Fryslân hawwe straffen krigen oant 2,5 jier sel fanwegen de hannel yn kokaïne. In 24-jierrige man út Dokkum en in 65-jierrige man út De Westereen krigen in selstraf fan twa jier. In oare Dokkumer fan 25 jier moat 2,5 jier nei de finzenis. Se soene al sa'n trije jier kokaïne ferkocht hawwe en dêr ek flink mei fertsjinne hawwe.

Kokaïne - Foto: Omrop Fryslân

De man út De Westereen begûn yn 2016 mei it ferkeapjen fan de kokaïne, neidat hy in pear jier derfoar syn baan ferlern hie. Dat wie net syn iennichste reden. De man soe it ek diels út ferfeling dien ha. Hy kocht de drugs yn by de twa Dokkumers.

Jierrenlang kokaïne yn omjouwing Dokkum

De twa Dokkumers hawwe neffens de rjochtbank harren wenplak jierrenlang foarsjoen fan kokaïne. De 25-jierrige man is swierder straft, om't hy yn 2016 ek al feroardiele wie foar de hannel yn xtc.

De offisier fan justysje hat by de behanneling oanjûn dat se noch mei in saneamde Pluk-ze foardering komme sil. Dermei wol justysje it jild dat de trije mannen fertsjinne ha mei de hannel werom helje.

(advertinsje)
(advertinsje)