Oernôt út de tiid fan Menno Simons fan it lân helle

30 jul 2019 - 18:00

Bôle meitsje mei oernôt út de tiid fan Menno Simons. Dat is ien fan de doelen fan Menno de Vries fan Wytmarsum. Hy krige ferline jier in pûde fan sechstich kilo mei Turkey Red Wheat opstjoerd fan de Amerikaanske Lorrin Dale Friesen.

Har foarâlden, Mennisten, hawwe dat meismokkele út Oekraïne, doe't se emigrearren nei de Feriene Steaten. De nôtsoarte wie al generaasjes lang brûkt troch de famylje en komt nei alle gedachten fan oarsprong út Fryslân.

Proef

It nôt hat in wat tinnere stâle. It wurdt ek in stik heger as it nôt sa't wy dat kinne yn Nederlân. De kerls binne ek in stik lytser. Foar Menno de Vries wie it in proef, om te sjen oft de soarte hjir no ek noch gewoan groeie kin.

Dat falt De Vries net ôf: "It is al wat platslein troch de swiere reinbuien fan in oantal wiken lyn, mar is ek wer omheech kaam. Yn Amearika sizze se dan 'don't worry, it rises up again, Thanks to the Lord'. Wy sizze gewoan dat it waar baas is."

Mûne fan Wytmarsum

It nôt giet no nei de mûne fan Wytmarsum. De mûnder dêr makket der moal en letter ek bôle fan. As it goed ferwurkber is en de bôle goed smakket, wol De Vries sjen oft hy dizze hjerst wer wat ynsiedzje kin. "It moat dan wol earst sertifisearre wurde troch de NAK. As dy it goedkart, dan geane wy dermei troch."

Yn de Feriene Steaten wurdt it projekt yn Wytmarsum fol belangstelling folge. De Vries: "Se fine it prachtich om te hearren dat it goed slagget en ek dat we it hjir ferwurkje yn in echte mûne, oandreaun troch de wyn."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)