Roparun giet takom jier ek troch Fryslân

De Roparun, in estafetterin om jild op te heljen foar minsken mei kanker, giet takom jier ek troch de provinsje Fryslân. Dat meldt de organisaasje fan it evenemint.
Hurdrinne © Shutterstock.com
De organisaasje wol de tocht bekender meitsje yn it noarden fan ús lân en kiest dêrom foar Bremen as startplak. Gewoanwei is dat Hamburg. De rin giet dêrnei troch Grinslân en Fryslân en einiget úteinlik yn Rotterdam.
Njonken yn Bremen kin der ek yn Parys begûn wurde oan de estafetterin, oan dat startplak feroaret neat.