Keatswittenskipper Breuker: basis fersprieding keatssport leit yn 1505

Dat it keatsen yn Fryslân foar it grut part beheind bleaun is ta de hoeke yn it noardwesten fan ús provinsje, komt troch it wurk op it lân, iuwen lyn. Dat is de hypoteze fan keatshistoarikus en -wittenskipper Pieter Breuker. "Yn 1505 is it hert fan it keatsen dêr ûntstien. Dêrwei hat it him stadichoan wol ferspraat, mar it is eins noait fierder kaam as de line Snits-Boalsert-Ljouwert-Dokkum", seit Breuker.
De 150e PC, yn 2003 © ANP
Breuker jout earlik ta dat it in hypoteze is, mar it is noch nea wjerlein, dus it liket oannimlik, neffens Breuker. "Der is in soad oer filosofearre", seit er. "Neffens my is der wol wat te folle oer spekulearre. Der binne saken as it 'iepen lânskip' byhelle as ferklearring, of de aard fan de minsken. Mar neffens my leit it folle ienfâldiger."

Grutte rol foar arbeiders Biesbosch

Foar dy útlis giet Breuker werom nei 1505. "Doe waard It Bilt ynpoldere. De minsken dy't dat diene, kamen frijwol allegear út de Biesbosch hinne wei. Dat gie om wol in pear hûndert jonge manlju dy't yn de simmer fan 1505 dy dyk ynpolderen. It nijsgjirrige is dat doe yn dy hoeke fan Nederlân, de Biesbosch dus, al folop keatst waard. Dan giet it om West-Brabân, Seelân en Súd-Hollân. It kin net oars as dat ûnder dy hûnderten jonge manlju ek keatsers sieten", seit Breuker.
Dy jonges út de Biesbosch sieten dus yn de simmer yn de noardwestlike hoeke fan Fryslân om te wurkjen. "Mar se wiene net allinnich oan it bealgjen, se woene ek ûntspanning ha. Der wiene plakken hjir dêr't se prima keatse koene. Dus se ha óf it folkskeatsen yn Fryslân yntrodusearre. Miskien waard der ek al op lytse skaal keatst en dan ha se it flink fersterke. Se hawwe yn alle gefallen in grutte rol spile."
De PC yn 1967 © ANP
Dat wie oan it begjin fan de sechstjinde iuw, yntusken goed fiifhûndert jier lyn. Dochs is it keatsen nea echt grut wurden yn bygelyks de Fryske wâlden of yn de Stellingwerven. Ek dat is te ferklearjen, seit Breuker. "Wat no de keatshoeke is, is ek de bouhoeke. Hast twa bouhoeken yn Fryslân: de grutte, tusken Ljouwert en Dokkum, en de lytse, om Frjentsjer, Harns, Penjum en Wytmarsum. Dêr sieten 400 à 500 jier lyn allegear bouboeren mei in soad arbeiders."
Bou-arbeiders hiene simmerdeis, oars as kollega's yn de greidplakken, tiid om te keatsen.
Pieter Breuker
En der is in wichtich ferskil tusken de bou- en de greidboeren, seit Breuker. "De greidboeren moasten simmerdeis wurkje. De arbeiders op boupleatsen hiene it yn de maitiid smoardrok en dêrnei yn augustus pas wer. Oars sein: op dy bouplakken wiene in soad arbeiders dy't wakker keatsten. Sy hiene simmerdeis, oars as de kollega's yn de greidplakken, tiid om te keatsen. Dat is de belangrykste reden dat it him dêr ferspraat hat en beheind bleau ta dat gebiet. De basis leit dêr."

Inisjativen om keatssport út te wreidzjen

Der ha wol inisjativen west om de keatssport út te wreidzjen yn de provinsje. "Absolút. Ik doar wol te sizzen dat Willem Westra de grutste organisator wie", seit Breuker. "Westra wie de earste foarsitter fan it keatsbûn, dat oprjochte waard yn 1897. Westra hie as ien fan syn doelen om it keatsen wer te ferheffen ta de âlde, nasjonale sport dy't it ea west hat. Want oant 1750 of 1800 wie it keatsen as folkssport hiel algemien yn grutte parten fan Nederlân. Stadichoan is dat yn grutte parten wer útstoarn, oant yn Noard- en Súd-Hollân yn it begjin fan de tweintichste iuw wer wat keatst waard, al wie it dêr wol in bytsje oars as yn Fryslân. Mar Westra woe it keatsen opnij ynfiere yn hiel Nederlân."
Wat nijs yntrodusearje is al dreech, mar oare nije sporten makken dat allinnich mar dreger.
Pieter Breuker
Dat is him diels slagge, fertelt Breuker. "Want der wiene wat ferieningen yn de Rânestêd, mar hy hat ek syn uterste bêst dien om it yn Fryslân bûten de keatshoeke populêrder te meitsjen. Dêr binne ek wol wat ferieningen, lykas yn Tsjalbert. Mar it hat noait echt mear in poat oan de grûn krigen." Dêr wie it al te let foar, leit Breuker út. "It woe net mear, want it wie krekt de tiid dat oare sporten opkamen, lykas it fuotbaljen. It kuorbaljen wie ik in serieuze konkurrint, dat is yn 1902 ûntstien. Wat nijs yntrodusearje is al dreech, mar de oare nije sporten makken dat allinnich mar dreger."

Net hielendal mislearre

Der wurdt wol wat keatst yn bygelyks de Fryske Wâlden. "Ik wenje no yn Feanwâlden en ik ha hjir ek wol keatst. Der ha hjir ridlik bloeiende keatsferieningen west. Damwâld hat in feriening fan belang, Burgum wol wat, de -tsjerken ek, lykas Gytsjerk. It is net sa dat it hielendal net libbet. Johan van der Meulen, trije kear winner fan de PC, komt ek út Broeksterwâld bygelyks. Dus it op gong krijen fan it keatsen bûten de keatshoeke is net hielendal mislearre, dat kinst net sizze", fynt Breuker.
De PC yn 1982 © ANP
Op it stuit is it net de fokus fan de KNKB om it keatsen op oare plakken populêrder te meitsjen. "Wêr't se wol aktyf mei dwaande binne, is it keatsen weromkomt op de Olympyske Spelen", seit Breuker. Hy fynt it in goede ûntwikkeling. "It keatsen hat sân kear op de Spelen west. Dat wiene benammen oare farianten, ús spul wie allinnich yn Amsterdam 1928. Dat wie al in wûnder. Yn 1992 yn Barcelona is it ek besocht, mar doe wie it kânsleas."
No binne der dus nije inisjativen, mar dat giet wer net om de Fryske fariant. Breuker: "De kâns dat ús keatsen oait wer op de Olympyske Spelen komt, is nihyl. Mar it muorrekeatsen, ek wol wallball neamd, is ynternasjonaal in grutte sport. Allinnich yn New York binne der al tsientûzenen minsken dy't it beoefenje. Dus dat hat wol kâns. It bûn is no mear dwaande mei ferbreding op ynternasjonaal nivo." Sels is Breuker ek dwaande mei in boek oer it keatsen op de Olympyske Spelen. "Dêroer komt takom jier in grutte tentoanstelling, dat rint wol aardich."

Hieltyd drokker

De kâns dat de Fryske fariant fan it keatsen ea echt in grutte sport wurdt bûten de keatshoeke, is neffens Breuker lyts. "Ik tink dat dat hiel lestich wurdt." Om 1900 hinne wie der konkurrinsje fan oare sporten. Dy is der noch hieltyd en boppedat krije minsken it hieltyd drokker. "Minsken ha mear en mear saken om te dwaan yn de frije tiid, dus de kâns dat it keatsen dêrtusken komt achtsje ik net grut."
De PC yn 1996 © ANP