Waarmte soarget foar problemen op betonpaden yn Eaststellingwerf

Op meardere plakken yn de gemeente Eaststellingwerf binne problemen mei betonnen paden. Troch de hjitte fan de ôfrûne tiid sette de betonplaten yn dy paden út en komme se omheech.
Gemeente Eaststellingwerf © Omrop Fryslân
De problemen binne ûnder oare by de Rolpaal yn Haulerwyk en it fytspaad troch it Blauwe bos. De paden binne mei stekken ôfset.
De gemeente warskôget dat der de kommende tiid noch mear betonplaten omheech komme kinne.