Plysje noch hieltyd dwaande mei ûndersyk nei twa deaden yn Stiens

De plysje is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei de twa deade minsken, dy't begjin ferline wike fûn waarden yn in hûs yn Stiens. Neffens de plysje binne der yn it ûndersyk noch fragen dy't beäntwurde wurde moatte.
© Kappers Media
Yn earste ynstânsje wie der sprake fan in mooglike koalmonoksidefergiftiging, mar út ûndersyk fan de brânwacht die letter bliken dat dat net it gefal wie.

Lichems frijjûn

De lichems fan de twa binne yntusken al wol frijjûn oan de famylje. Dy lit yn in rouadvertinsje witte dat it ôfskied yn besletten kring wêze sil. Ofrûne snein wie der gelegenheid ta kondolearjen.