Sa kinst de PC yn Frjentsjer it bêste folgje

30 jul 2019 - 16:43

De PC-koarts nimt hieltyd ta. Woansdeitemoarn, de fyfde woansdei nei 30 juny, is it wer safier. Dan set de keatspartij dêr't mannich keatsleafhawwer in hiel seizoen nei ta libbet útein. Omrop Fryslân sit der ek dit jier wer boppe-op; fan de taspraak fan foarsitter Ids Hellinga oant de lêste slach. Hoe'tst it keatsen dit jier it bêste folgje kinst? Do lêst it hjir!

PC Frentsjer fan 2017 - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De taspraak

Om 8.00 oere wurdt de dei tradisjoneel iepene mei in taspraak fan foarsitter Ids Hellinga. Dy taspraak komt streekrjocht út de Koornbeurs yn Frjentsjer wei en is te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje, op de webside en yn de Omrop-app. Ek de dêrop folgjende rit troch de stêd mei de winners fan de PC fan 2018 is te sjen.

Mis neat fan de 166ste PC

De keatserij is fan 9.30 oere ôf te folgjen op radio en telefyzje mei kommentaar fan Geert van Tuinen, Hijlko Broersma en âld-keatser Jochum Bouma. Dêrnei, om 15.00 oere, nimme op telefyzje sportferslachjouwer Roelof de Vries en âld-keatser Jan Willem van Beem it stokje oer. De trije oare manlju bliuwe it ferslach op de radio fersoargjen. De presintaasje op telefyzje leit yn hannen fan Simone Scheffer en de ynterviews komme fan Andor Faber.

Online kinst de PC fansels ek op de foet folgje. Dit dochst fia de livestream op ús webside of troch it liveblog yn de gaten te hâlden. Dêryn ferskine alle útslaggen en de moaiste keatsmominten fan de dei.

Noch gjin genôch?

De folsleine keatsdei wurdt troch Omrop Fryslân gearfette en fan 18.20 oere ôf útstjoerd op telefyzje. Sa bist der yn elk gefal wis fan datst neat mist hast en kinst nochris neigenietsje. De dei dernei, op tongersdei 1 augustus, is fan 9.00 oer ôf in kompilaasje fan de PC fan 2019 te sjen.

Lotting en PC Kafee

De lotting foar de PC waard moandeitejûn bekend. Sjoch hjir foar de lotting fan de earste list en de reaksjes fan ûnder oaren Allard Hoekstra, de kening fan foarich jier, en Teake Triemstra, dy't woansdei syn 20e PC keatst. Ek de ôfleveringen fan it PC Kafee, dêr't yn foarútsjoen waard op de PC fan 2019, binne werom te harkjen fia Omropfryslan.nl/keatsen.

Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(advertinsje)
(advertinsje)