Ek yn Fryslân binne in soad mear minsken ferslave oan pynstillers

30 jul 2019 - 16:19

Ek yn Fryslân wurde der hieltyd mear minsken behannele dy't ferslave binne oan swiere pynstillers. Ut in rûngong fan deiblêd NRC docht bliken dat yn seis jier it tal minsken dat ferslave is oan swiere pynstillers trije kear safolle wurden is. Ferslavingssoarch Noard-Nederlân sjocht dy tendins ek.

Foto: ANP

Tusken 2010 en 2017 is it tal brûkers fan swiere pynstillers tanommen fan 650.000 ta ien miljoen. In grut part fan dizze minsken brûkt it medisyn oxycodon. Dat is in opioïde, famylje fan morfine. Oxycodon is twa kear sterker as morfine. Dat is ek de reden wêrom't it faak foarskreaun wurdt troch dokters: it wurket goed. Mar doe't it middel op de merk kaam, waard net foarsjoen dat it sa'n ferslaavjende wurking hawwe soe.

Swiere pynstillers, lykas oxycodon, wurde troch sikehûsspesjalisten en dokters foarskreaun by minsken dy't ûnder oare in swiere operaasje hân hawwe, behannele binne oan de sykte kanker of oan minsken dy't swiere groanyske pine hawwe. De pynstillerferslaafde is faak tusken de 30 en 50 jier, fan boufakker oant jurist. Gewoanwei binne se ek net bekend mei harddrugs.

Mear minsken melde har

Ferslavingsdokter Wouter-Bas Halbersma fan Ferslavingssoarch Noard-Nederlân sjocht dat yn Fryslân ek hieltyd mear minsken har melde mei in ferslaving. Njonken dat dokters it middel hieltyd faker foarskriuwe, sjocht hy ek dat de pynbelibbing fan minsken hieltyd oars wurdt.

"Er is een tendens gaande, ook in ziekenhuizen, maar ook in beleving bij mensen, dat pijn niet nodig is. Men zet alles op alles gezet om geen pijn te hebben. In die gevallen heb je de zwaarste pijnstillers nodig. Dat hoeft niet altijd een probleem te zijn, mits je er maar goed op let dat het niet te lang voorgeschreven wordt."

Faker om tafel

Halbersma wol graach dat ferslavingsoarch faker om tafel giet mei húsdokters, medysk spesjalisten en apotekers om it oer swiere pynstillers te hawwen. "De voorlichting en bewustwording van de verslavingsgevoeligheid van oxycodon moet beter. Huisartsen, bijvoorbeeld, kunnen veel beter aangeven bij patiënten dat het middel verslavend is."

Dokter Wouter-Bas Halbersma oer hoe't it kin dat safolle mear minsken ferslave reitsje

(Advertinsje)
(Advertinsje)