Skûtsje Drachten wint yn Earnewâld nei spannend slot

30 jul 2019 - 16:04

It Drachtster skûtsje fan skipper Jeroen Pietersma hat tiisdei it skûtsjesilen yn Earnewâld wûn. De skûtsjes finishten op nûmer oan de wâl oan de Lange Sleat. Nei in spannende einsprint waard Akkrum twadde en Grou tredde. Skipper Jeroen Pietersma wie tige optein: "Ik bin tige bliid. Op it lêst tocht ik: ik lit it noch fleane ek, mar potferdoarje ik krige krekt noch in suchje wyn."

De wedstriid yn Earnewâld begûn ûnrêstich: earst waard de start tsien minúten útsteld, dêrnei bruts by de sleepstart ien fan de sleeptrossen. Doe't de skûtsjes echt los wiene, wie it Huzum, mei it earste startnûmer, dat grutte moeite hie de silen deryn te krijen. It seil moast reparearre wurde en Huzum ferlear dêrtroch twa plakjes.

It wie Drachten dy't as earste fuort wie út de Lange Sleat mei Grou op in twadde plak.

Fjild út elkoar by earste tonne

It fjild sloech út elkoar yn it earste krúsrak. Drachten lei foarop, Grou op it twadde plak en Huzum tredde by earste boeirûning. De skûtsjes fan Langwar en Snits hiene in minne start en sylden as lêste om de earste boei.

Trochdat de wyn net hiel sterk oanwêzich wie, waard de rûte oanpast. De skûtsjes giene dêrom net by de Ulekrite del, mar sylden de Lange Sleat wer yn.

Drachten rom op kop

Nei de twadde boeirûning lei Drachten mei grutte ôfstân op kop en sylde Grou op in stevich twadde plakje. Efter de earste twa wiene it Akkrum en Huzum dy't om it tredde plakje strieden. Nei de fjirde boeirûning waard de einstreek, basearre op nûmer, yn it wetter lein.

Drachten like by it yngean fan it lêste stik mei grutte foarsprong te winnen, mar it wiene Grou en Akkrum dy''t op it lêst hiel tichtby kaam. Dochs koene de Drachtsters harren foarsprong krekt noch fêsthâlde. Ek tusken Grou en Akkrum wie it spannend foar it twadde plakje. Akkrum kaam fan fier, mar koe dochs it twadde plakje pakke. Huzum waard, nettsjinsteande harren maleur, op in fjirde plak.

Twa protesten tsjin kommisje

De skûtsjes fan Langwar en Súdwesthoeke ha protest yntsjinne by de wedstriidlieding. It binne twa bysûndere protesten, want se wiene rjochte op de wedstriidkommisje. It protest is yntsjinne op basis fan artikel 2 fan it wedstriidreglemint by it skûtsjesilen. Dat artikel moat derfoar soargje dat de wedstriden iepen en earlik ferrinne. De twa skûtsjes fine dat de wedstriid yn Earnewâld net earlik ferrûn is.

De wedstrijden zijn geen open wedstrijden.

Artikel 2 fan it wedstriidreglemint

Der komt tiisdei noch net in útspraak oer it protest. De sjuery hat in advys útbrocht en de SKS hat twa dagen om oer dat advys in beslút te nimmen.

Utslach SKS by Earnewâld

1 Drachten
2 Grou
3 Akkrum
4 Huzum
5 De Jouwer
6 De Lemmer
7 It Hearrenfean
8 Earnewâld
9 Snits
10 Wâldsein
11 Heale Moanne
12 Ljouwert
13 Langwar
14 Súdwesthoeke
(advertinsje)
(advertinsje)