Anouska Koster prolongearret winst hurdfytskritearium Surhústerfean

30 jul 2019 - 16:02

Anouska Koster fan De Westereen hat tiisdei it hurdfytskritearium fan Surhústerfean wûn. Dat die se yn 2018 ek al. Se kaam solo oer de streek, nei't se Danique Braam út Feanwâlden en Roxanne Knetemann efter har litten hie. Sy waarden respektyflik twadde en tredde.

Foto: www.orange-pictures.nl

Loes Adelgeest besocht earst om fuort te kommen, mar dat slagge net. Dêrnei demarrearren Koster, Braam en Knetemann wol by it peloton wei. Sy bouden harren foarsprong út, al waard it ferskil net grutter as fjirtich sekonden. It wie wol dúdlik dat de winner yn de kopgroep siet.

Twa rûntsjes foar de ein sprong Koster by de oare twa koprinsters wei. Braam fersloech Knetemann yn de striid om it twadde plak.

(advertinsje)
(advertinsje)