Ljouwerter (18) oanholden foar swiere mishanneling by stasjon Frjentsjer

30 jul 2019 - 15:38

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer in swiere mishanneling op it treinstasjon fan Frjentsjer ôfrûne snein. Dêr rekke ôfrûne snein in Ljouwerter fan 36 jier slim ferwûne oan 'e skonk. Wat der presys plakfûn hat, kin de plysje noch net fertelle. Wol is der in 18-jierrige Ljouwerter oanholden.

It stasjon fan Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ferwûne persoan is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hy hat oanjefte dien, mar de ferklearring moat noch optekene wurde.

Tsjûgen foar fierder ûndersyk

De Ljouwerter fan 18 jier wurdt fertocht fan swiere mishanneling. De plysje is no dus op syk nei tsjûgen dy't mear fertelle kinne oer wat der krekt bard is. Dat der tsjûgen binne, is de plysje wis fan.

Earder melde de plysje noch dat in persoan op it spoar smiten wie, mar dat berjocht is letter oanpast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)