Froulju krije no ek in beloftedifyzje by maratonreedriden
It kommende seizoen by de reedrydmaratons hat in nije kategory: in beloftedifyzje foar froulju. Sa wurdt de stap nei de topdifyzje minder grut, is it idee. "We wilden het niveau hoger krijgen", fertelt âld-maratonrydster Mireille Reitsma tsjin schaatsen.nl, "maar ook een breder deelnemersveld."
De beloftedifyzje hat goed sechstich oanmeldingen en achttjin ploegen. Alle ploegen ha op syn minst trije riders.
De beloftekompetysje begjint op sneon 19 oktober yn Amsterdam. Dêrnei binne der wedstriden yn Deventer, Haarlem, Hoorn, Alkmaar, Breda, Grins en op 'e nij Amsterdam. Yn trije saneamde 'trochstreamwedstriden' stride de beloften tsjin rydsters út de topdifyzje. Dy wedstriden binne yn Utrecht, It Hearrenfean en Tilburg.