Freerunners op It Hearrenfean wurde filme troch Taiwaneeske telefyzjeploech

In telefyzjeploech út Taiwan reizget meikoarten nei It Hearrenfean om in reportaazje te meitsjen oer freerunning. Dat is in sport wêrby't je drave en springe oer muorren, relingen en dakken.
© ANP
Yn de reportaazje binne de freerunners fan Eijer Producties te sjen, dy jouwe al tsien jier les yn de sport. Ek organisearje se dit jier foar de sechde kear in Iepen Frysk kampioenskip.
De reportaazje oer de freerunners wurdt yn Taiwan útstjoerd yn in programma dat omtinken jout oan sosjale, politike en maatskiplike omstannichheden yn oare lannen.