Trije nominaasjes foar stimulearringspriis Joop Mulder Plak 2019

In sjuery hat Emke Idema, Sofie Doeland en de Studio Buiten Werking nominearre foar de Joop Mulder Plak 2019. Mulder is de inisjatyfnimmer fan Oerol en as earbetoan oan him jout it festival de priis oan keunstners dy't ferrassend wurk ûntwikkelje yn it Skylger lânskip.
© Omrop Fryslân, Dirk Hofstede
Emke Idema is in teätermakker en wurke op Skylge oan de ûntjouwing fan in sciencefiction-spul oer de relaasje fan de minske mei mutearjende beammen en planten. In selekt publyk koe op Oerol 2019 meidwaan oan de foarproef.
Sofie Doeland is byldmakker en makket diel út fan de eksposysje Moving Landscapes. Har wurk op Oerol reagearre op it lânskip.
Studio Buiten Werking is in ûntwerpersduo dat in ynteraktive ynstallaasje ûntwurp om it moaie fan it kustekosysteem sjen te litten.

Jildbedrach as stimulearringspriis

De Joop Mulder plak is in stimulearringspriis dy't keunstners de mooglikheid biedt om har fierder te ûntwikkeljen. Joop Mulder jout de priis op 11 september yn Harns sels oan de úteinlike winner. De winner krijt in jildbedrach, op basis fan donaasjes.
Yn 2017 wûn it keunstnersduo Hart van Veen de Joop Mulder Plak en ferline jier Bart van de Woestijne. Dy lêste makke foar it Oerol fan dit jier in 'ervaringstheater'.