Zwaga oer ferwûne man: "Hy hâldt der neat oan oer, allinne in raar litteken en moai ferhaal"

De man dy't sneon by Grou ferwûne rekke op it skûtsje fan Ljouwert komt der wer hielendal boppe-op. Dat seit freon en skipper Willem Zwaga fan Ljouwert oan it begjin fan de wedstriid yn Earnewâld. "Hy hâldt der neat oan oer. Allinich in raar litteken en in moai ferhaal."
It skûtsje fan Ljouwert © SKS skûtsjesilen
De man lei mei syn skipke op it plak dêr't it skûtsje oanlei. Hy besocht it skûtsje ôf te hâlden, mar dêrby rekke er ferwûne. Hy krige de opstekker fan it Ljouwerter skûtsje troch de earm. Neffens Zwaga lei de earm fan de man der hast ôf.

"Je rekkenje dat dysels wol bot oan"

De man is in maat fan Zwaga; dy wie dêrom ek bot oandien troch it ûngelok. "Je rekkenje dat jesels wol hiel bot oan en ik bin bliid dat it gewoan wol goed komt. Dan kinne je der wat better mei libje."
Willem Zwaga oer de ferwûne maat
Ek op de minsken dy't oan board by de skûtsjes fan Ljouwert en It Hearrenfean sieten, hie it grutte yndruk. "Elkenien dy't oan board siet, ek by It Hearrenfean, seach alles. It like gewoan hiel raar. Dat makket wol yndruk."

"Dizze kriget altyd wat geks foar elkoar"

De maat fan Zwaga is wol ien dy't faker gekke dingen foar elkoar krijt. "It is ek gjin handige maat. Ik kin wol tsien oaren oanwize by wa't dit net bard wie. Dizze kriget altyd wat geks foar elkoar."
De skipper tinkt net dat it ûngelok fan grutte ynfloed is op it silen. "Sneins hawwe we efkes in knap feestje oan board hâlden. Alle koppen wer de goeie kant op. En elkenien pakt dat geweldich op by ús oan board."