Ferantwurde ûndernimmen populêr

© Omrop Fryslân
Projekten op it mêd fan maatskiplik ferantwurde ûndernimmen en ynnovaasje bliuwe ek yn dizze tiid fan krisis populêr yn de beide Fryske ekonomyske kearnsônes. Dêr is freed in ynformaasjemerk oer foar leden fan provinsjale steaten en gemeenterieden. De ynformerk is yn Hotel Tjaarda yn Oranjewâld.
By bedriuwen yn de Westergosône tusken Ljouwert en Harns en de A7-sône rinne op 't stuit tritich projekten. Dochs giet de krisis net folslein oan de regio foarby. Bedriuwen hawwe faaks wol minder jild om te ynvestearjen.