Unrêst op De Lemmer fanwege bernelokker

Bewenners fan de Fûgelbuert op De Lemmer binne benaud foar de feiligens fan harren bern no't in 55-jierrige man, dy't fertocht wurdt fan it lokken fan bern yn in bestelbuske, wer yn de wyk wennet. De man mei fan de rjochter syn proses thús ôfwachtsje mei in elektroanyske inkelbân. Boargemaster Fred Veenstra snapt de soargen fan minsken.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man soe ferline jier yn ûnder oare Damwâld, Ie, Eksmoarre en Frjentsjer besocht ha alve jonkjes en famkes mei te nimmen. De bern wiene tusken de njoggen en trettjin jier âld.
As in persoan mei in bepaald strafblêd earne wenjen komt, wurdt de gemeente dêr troch de plysje oer ynformearre. "Wy hawwe de koppen by elkoar stutsen om te sjen hoe't we hjiryn aktearje moatte soene", seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren.

Juridyske status

Der wurdt nei de juridyske status fan de fertochte sjoen. "Der hat noch gjin rjochterlike útspraak west, dus dêr hawwe we as gemeente net sa'n soad mei te krijen. Mar der ûntstiet op 'e Lemmer maatskiplike ûnrêst. Wy besykje dat yn goede banen te lieden en de soargen fan minsken fuort te nimmen."
Veenstra kin him dy soargen goed foarstelle. "We kinne it der mei de minsken oer hawwe en fertelle dat hjir noch net strafbere feiten fêststeld binne. Dat dizze man ek rjocht hat op syn privacy. Dat der strange betingsten steld binne oan it feit dat hy wer nei hûs mocht." Neffens Veenstra binne der altyd twa kanten oan in ferhaal.
Boargemaster Fred Veenstra
"De fragen dy't minsken hawwe, besykje wy sa goed mooglik te beäntwurdzjen. Ik ha it idee dat dat goed giet en dat der gjin oanlieding is om mear te dwaan."

"Foldwaande tasicht"

Minsken kinne de fertochte gewoan tsjinkomme op strjitte. De rjochter hat sein dat dizze man fjirtjin oeren deis bûten wêze mei, mocht er wurk of deibesteging hawwe. As er gjin wurk hat, mei er twa oeren deis bûten wêze. Yn it wykein acht oeren op in dei. "De belutsene hat ek in inkelbân. Dat betsjut dat de reklassearring en de plysje him folgje kinne. Op dy manier is der foldwaande tasicht."
Yn novimber is de rjochtsaak en sil der útspraak dien wurde. Veenstra wol net sizze oft de man noch yn de gemeente wenje mei as er skuldich befûn wurdt.