FIDEO: Skûtsjes moatte ymprovisearje op it wetter by Earnewâld

De skûtsjes fan de SKS sile by Earnewâld de tredde wedstriid fan it kampioenskip. It is yn de Langesleat sa smel dat der gjin romte is foar in reguliere start. Yn ferbân mei de wyn komt der by Earnewâld gjin wâlstart, mar in sleepstart.
Sjoch hjirûnder nei de wedstriid by Earnewâld:
Op woansdei 31 july is it SKS Skûtsjesilen te sjen yn de Omrop-app, fia ús Facebook en YouTube. Op tv dogge we dy dei ferslach fan de PC yn Frjentsjer.
Wa't moandei op De Feanhoop in geunstige start lotte hie, en dêrmei in geunstige útgongsposysje, moat tiisdei by Earnewâld efteroan begjinne. Huzum start foaroan, foar Drachten. Op De Feanhoop begûn Huzum noch efteroan. Dêr sylde it skûtsje fan Johannes Meeter nei it twadde plak. De Lemmer, dat de earste twa races wûn, start yn Earnewâld efteroan.
© Martin de Jong Fotografie
De skûtsjes starte tiisdei op nûmer en moatte rekken hâlde mei ûnstabyl waar. De ferwachtings binne dat de wyn by de start út it súdeasten en letter it súdwesten komt. Ek kin de wyn letter op de dei weifalle.
Troch dy omstannichheden kin de rûte geandewei de dei feroarje en is noch net dúdlik wêr't de einstreek yn it wetter komt. Dêrom moatte de skûtsjes de kommisjeboat folgje, seit wedstriidlieder Wytze Visser. "We ha in finish yn Langesleat lizzen en in finish yn it Siidsdjip. Dy kinne we fan beide kanten benaderje, dus we ha fjouwer mooglikheden om te finishen. Dat wurdt pas op it alderlêst dúdlik."
Wedstriidlieder Wytze Visser
De route by Earnewâld is oanpast © Omrop Fryslân