Nije bankjes te plak yn steateseal

11 nov 2011 - 12:34

Yn de steateseal yn it nije provinsjehûs binne freed de lêste stuollen en bankjes te plak set. Se binne opnij beklaaid troch de firma Veldhuis yn Ljouwert.

Yn 1983 mocht de firma ek al it meubilêr fan de steateseal yn it provinsjehûs op 'e nij beklaaie. No, mei de nijbou fan it provinsjehûs, krigen heit en soan Veldhuis de put noch in kear. De ambachtlike stoffearders brûke orizjinele materialen lykas hynstehier. De lêste stuollen en bankjes binne te plak set en dêrmei is de steateseal no ek wer hielendal sa't er wêze moat.

Trefwurden: 
steateseal
(advertinsje)
(advertinsje)