Wetterskip docht ûndersyk nei fiskstân yn Fryske wetters

30 jul 2019 - 11:59

Wetterskip Fryslân set dizze wike útein mei it jierlikse ûndersyk nei de fiskstân. Dit jier sille der ein july, yn septimber en yn oktober sa'n tsien wetters ûndersocht wurde. It giet ûnder oare om de Lytse Wielen, De Leien, Nannewiid, de Zwette en in oantal fearten en kanalen.

Foto: Wetterskip Fryslân

It Wetterskip sjocht nei oantallen, soarten, it gewicht en de sûnens fan de fisken. Dêrneist ûndersiket it de wetterkwaliteit, wetterplanten, algen en lytsere wetterbisten.

It ûndersyk jout it Wetterskip ynsicht yn de wetterkwaliteit. Dêrmei kin de kwaliteit fan it Fryske wetter noch fierder ferbetterje. Earder waard dit ûndersyk ien kear yn de trije jier hâlden, no dus jierliks.

Maatregels

It Wetterskip sil de wetterkwaliteit ferbetterje mei de oanlis fan natuerfreonlike wâlen en it ferbetterjen fan rioelwettersuverings. Ek wol it Wetterskip de útstjit fan dongstoffen en bestridingsmiddels yn oerflaktewetter tsjingean. Ta beslút moatte stowen, slûzen en gemalen fiskfreonliker makke wurde.

Trefwurden: 
wetterskip fiskstân
(advertinsje)
(advertinsje)