Wytoaljeprodusint Rinus Beintema yn novimber foar de rjochter

30 jul 2019 - 11:37

Eigener Rinus Beintema fan wytoaljeprodusint Suver Nuver moat yn novimber foar de rjochter komme. Dat skriuwt er op Facebook. Hy wurdt oanklage foar oertrêdingen fan de Opiumwet en fan de Genêsmiddelswet.

Foto: Omrop Fryslân

Suver Nuver kaam trije moannen lyn ek yn it nijs, omdat de produsint blokkearre waard troch de online betelpartner. Dêrtroch koe der net mear betelle wurde mei iDEAL.

Nocht oan diskusje oer wytoalje

Beintema sei doe al dat justysje ûndersyk dien hat by Suver Nuver om te sjen oft wytoalje yllegaal wêze moat of net. Hy woe foaral dúdlikheid. Yn novimber komt der dus in sitting, is no dúdlik. "Dit schaakspel kan nog interessant worden", skriuwt Beintema. Hy seit dat er fertrouwen en nocht hat yn de diskusje.

"Wetenschappers zijn nu aan zet wat mij betreft om te gaan bewijzen wat ik allang vastgesteld heb", skriuwt er. "Veel mensen hebben baat bij het gebruik van wietolie, dat is voor mij een bewezen feit."

(advertinsje)
(advertinsje)