Bysûndere fynst: tonyn oanspield op Flylân

30 jul 2019 - 11:08

In wol hiel bysûndere fynst op Flylân. Strânjutter Willem fûn moandei in fisk op it strân en koe net ûntdekke wat foar fisk it wie. De boskwachter fan Flylân, Carl Zuhorn, koe de fisk wol identifisearje. Hy kaam ta de konklúzje dat it om in tonyn giet. Bysûnder, want tonyn wurdt net faak sjoen yn de Noardsee.

Foto: Twitter, @CarlVlie

It leefgebiet fan de tonyn leit yn de Atlantyske Oseaan en Middellânske See en komt somtiden ek yn de Noardsee foar. It is noch net bekend om wat foar soart tonyn it giet. Boskwachter Zuhorn hat dêrom de tonyn feilich steld foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Flylân tonyn
(advertinsje)
(advertinsje)