Tim Siekman (29) op proef by Cambuur

30 jul 2019 - 10:43

By Sportklup Cambuur docht dizze wike Tim Siekman op proef mei. Siekman is in 29-jierrige ferdigener dy't in grut diel fan syn karriêre by FC Emmen spile hat. Sûnt dizze simmer sit er sûnder klup.

Tim Siekman yn it Emmenshirt tsjin SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

De Ljouwerters sitte yn tarieding op it kommende seizoen. De ploech fan Henk de Jong spilet takom wykein in oefenwedstriid tsjin FC Volendam. In wike letter giet de kompetysje los foar Cambuur, mei in útwedstriid tsjin De Graafschap.

(advertinsje)
(advertinsje)