VVD yn de Twadde Keamer wol opheldering oer Ketelbrêge

30 jul 2019 - 10:14

De VVD yn de Twadde Keamer hat fragen steld oer de Ketelebrêge, yn de A6 tusken Lelystêd en Emmeloord. Dat meldt Omroep Flevoland. Ofrûne snein woe de brêge net mear ticht en moast ferkear - ek dat út Fryslân - omride.

Foto: Wikipedia

De steuring fan snein wie net de earste. De VVD wol witte hoe faak der sûnt de renovaasje yn 2013 problemen mei de brêge west hawwe. Ek freget de partij nei de ekonomyske gefolgen fan de steuringen.

Neffens Rykswettersteat is yntusken dúdlik wat de steuring fan snein feroarsake hat. It giet om in stikken ûnderdiel, dat ferfongen wurde moat. It ûnderdiel is yntusken yn bestelling.

Trefwurden: 
VVD Ketelbrêge
(advertinsje)
(advertinsje)