Opsterlân stribbet nei in folslein swalkôffalfrije gemeente

30 jul 2019 - 09:49

De gemeente Opsterlân wol fan it swalkôffal ôf. Dêrom docht se mei oan de kampanje '100% zwerfafvalvrij Friesland'. Oan de kampanje dogge ek oare gemeenten, ôffalferwurker Omrin, Circulair Friesland en Stichting Nederland Schoon mei.

Foto: Omrop Fryslân

Wethâlder Rob Jonkman

Yn Opsterlân wurde der saneamde Himmelploegen ynsetten. De frijwilligers fan dizze Himmelploegen soargje der neffens de gemeente foar dat it swalkôffal opromme wurdt en dat minsken genietsje kinne fan in swalkôffalfrije natuer. Tiisdeitemoarn wurdt it offisjele startsein jûn fan de aksje.

"Het is niet een probleem dat gigantisch groot is, maar er ligt wel te veel afval in onze natuur. Er wordt door de Himmelploegen geweldig werk gedaan. Het is wel een kwestie die beter moet", seit wethâlder Rob Jonkman fan de gemeente Opsterlân.

Mentaliteit feroarje

Hûndert persint ôffalfrij is in grut stribjen, mar is dat wol helber? "Dat heeft ook te maken met het feit dat het gedrag van mensen beïnvloed moet worden. Dat is nog wel een hele opgave."

Om de mentaliteit fan minsken te feroarjen, jout de gemeente foarljochting op skoallen. "Als je bij de jeugd begint, hoop je dat ze er de rest van hun leven ook rekening mee houden. We zien dat dat best wel effectief is en dat kinderen zich steeds bewuster worden van het feit dat als ze een blikje of flesje in de natuur gooien dat dat jaren en jaren blijft liggen." De gemeente sjocht dêrneist ek graach dat der staasjejild komt op petflessen en blikjes.

Stipe troch gemeente

De Himmelploegen wurde stipe troch de gemeente, dy't harren foarsjocht fan materieel. Sa is der op De Gordyk in boat beskikber steld om ek op it wetter swalkôffal op te romjen. Dêrneist hawwe se in bakfyts krige wêrmei't se troep ophelje. "Op allerlei plekken zijn die mensen actief, soms in weer en wind. Het is geweldig wat die mensen voor ons doen."

In oantal minsken fan de Himmeploegen en in fertsjintwurdiger fan Nederland Schoon sille oanwêzich wêze by de iepening fan de kampanje. "Nederland Schoon gaat ons helpen om het nog beter te doen", fertelt Jonkman. "Ze maken samen met de gemeente een plan van aanpak om de gemeente 100 procent afvalvrij te maken."

(advertinsje)
(advertinsje)