Kollum: "Kloaten"

"Charles Darwin hie it oer de 'survival of the fittest' yn syn evolúsjeteory. De Ingelskman hie it net oer sportskoalletypes doe't er it oer de 'survival of the fittest' hie. Hy doelde op it oanpassen fan in soart oan de omstannichheden. Dy soart dy't him it bêst oanpast rêdt it op, de rest is in kwestje fan 'helaas pindakaas'.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Ik tink oan Darwin no't de fakânsjes los binne. Oan it hâlden en dragen fan minsken yn dizze, sa bysûndere, perioade fan it jier. De minske is in behoarlik súksesferhaal as it oer evolúsje giet. Us oanpassingsfermogen is grut. Dat hat ús fier brocht. Tagelyk is dat in merakel. Want oanpasse is leare. Benammen fan fouten, fan saken dy't net goed gean, fan omstannichheden dy't net geunstich binne.
Hoe is it dan te ferklearjen dat wy ús massaal yn deselde ellinde stoarte, alle jierren opnij yn dizze perioade? Sadree't de fakânsjes oanbrekke sykje wy de grutste ferkearsynfarkten op dy't wy fine kinne. Hiele dagen yn de file stean by Lyon, Hamburg en Bremen, foar de grins mei Spanje en foar de Gotthardtunnel yn Switserlân.
Yn optocht reizgje wy nei Skiphol, wylst wy wol witte dat dat synonym foar steuring is, en wy dêr op syn minst 48 oeren tusken de koffers en de trolley's omhingje moatte. Yn de switlucht en de knyflokgeur fan oare passazjiers. As de kerosinekrisis lang om let oplost is en de hyperstresste fakânsjegonger mei in bloeddruk fan 200 yn syn hotelkeamer komt, blykt dy lytser te wêzen as op de foto's. De airco docht it net, boppedat sitte der remspoaren yn de wc. Om it oer de net te definiearjen plakken yn it matras mar net te hawwen.
Behalve in sûchdier is de minske ek in gewoante- en kuddedier. Dat toffelje wy mei ús allen nei it strân, dêr't it sân sa hyt is dat it rinnen oer gleone koallen by Ratelband dêrby ferlike poatsjebaaie yn lij wetter bestjut. Dêrnei gean wy sa deun mooglik op ús lekken byinoar lizzen. Om ús te ergerjen oan de oar. Troch de kombinaasje fan hjitte en net al te skjin iten en drinken reitsje wy rillegau oan de racekak. Wat ek de remspoaren ferklearret.
Nei't de fakânsjegonger dêr fan bykommen is, wol dy op in koelere dei wat kultuer opsnuve. Dêrta giet dy yn in kilometerslange rige foar in katedraal stean. Of foar in museum of de ruïne fan in timpel út de Aldheid. Nei't de geast op dy wize ferheft wurden is, slút de fakânsjegonger him by in kloft minsken oan dy't foar in pizzeria stiet te wachtsjen. It is sa drok dat de klanten dêr om bar yn litten wurde. Nachts, as de fakânsjegonger op syn matras fol plakken leit te switten, heart er op strjitte it balten en spuien fan oare fakânsjegongers, kriget er wer net in wink yn 'e eagen.
As Darwin dit allegear witten hie, wie er miskien mei hiele oare ideeën oer natuerlike seleksje op 'e proppen kaam. En om dy stelling te ûnderstreekjen, winskje ik jim no in goeie fakânsje ta. Oant oer in pear wike!"