Foarsitter sjocht werom op rûzige edysje fan it Veenhoop Festival

It Veenhoop Festival fan 2019 sit der wer op. Dit jier foar it earst sûnder feestboaten, pontons, iepen fjoer en fjoerwurk. De organisaasje sjocht werom op in slagge evenemint mei moai waar en blide besikers. Dochs wie net elkenien like tefreden.
© Veenhoop Festival
Foarsitter Jan Feikema
Net elkenien kin libje mei de feroaringen op it festival. Dat wie moandei te sjen yn de loft by it SKS skûtsjesilen op 'e Feanhoop. Dêr fleach in fleantúch oer mei in spandoek mei de tekst: 'RIP Veenhoop, Feikema bedankt'.
Echt bliid wurdt organisator Jan Feikema net fan dizze aksje. "Se spylje it no op de man. Wy hiene geroften heard dat it komme soe en wy hiene ek warskôge dat se it net dwaan moasten, mar sy lûke har fan alle ôfspraken neat oan."

Ferfolchstappen

Neffens Feikema giet it om in groep fan fiif oant seis manlju, dy't oare minsken opstoke. "De nammen binne wol bekend by it bestjoer." It bestjoer sil mei de gemeente en de plysje om tafel om te sjen wat de ferfolchstappen wêze sille.
Oft der oanjefte dien wurde sil, wit it bestjoer noch net. "We hiene harren warskôge en se binne op 'e hichte fan de konsekwinsjes. Ik tink dat se wol trochhawwe dat se no in stapke te fier gien binne. Se hawwe harren krûd fersketten."
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Feikema fielt him net perfoarst persoanlik rekke. "As je as foarsitter wat organisearje, is der altyd in lytse groep dy't dwersbongelet. Mar dat se it sa fier komme litte moatte... Dan binne je tink ik wol in wat sneu figuer."
Posityf hichtepunt foar Feikema wie dat de band Europe optrede op it festival. "It wie in geweldich optreden. Dat jout in prachtich pikefelmomint." Snein wie neffens de foarsitter ek in moaie dei, mei in soad tefreden besikers. "Dêr dogge je it foar. Yn 2020 organisearje we it wer."