Net Frjentsjer mar Harns is PC-haadstêd fan Fryslân, docht bliken út sifers

30 jul 2019 - 07:30

Net Frjentsjer mar Harns is dé keatshaadstêd fan Fryslân. Alteast, as wy sjogge nei it tal PC-winners dat út dy stêd komt. Mar leafst 37 PC-winners wennen yn de Fryske havenstêd, doe't se de wichtichste keatswedstriid fan it jier wûnen, tsjinoer 26 út Frjentsjer. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan Omrop Fryslân.

De finalisten fan de PC - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Sweins

Harns mei dan wol de measte PC-winners hawwe, mar as wy sjogge nei it Fryske plak dat relatyf sjoen de bêste skoare hat, dan komme wy út by it doarp Sweins. Twa manlju út it doarp deun njonken Frjentsjer, Auke Miedema en Klaas W. Boorsma, wûnen ein njoggentjinde iuw elk mar leafst fiif kear de PC.

In totaal fan tsien PC-oerwinningen foar in doarp dat mar 116 ynwenners telt: net gek! Yn totaal wûn Miedema de PC acht kear en Boorsma sân kear, mar dat diene se dus ek in pear kear as ynwenner fan in oar plak.

Penjum

Penjum is nei Sweins in goede twadde: 33 titels op 435 ynwenners. Foar Penjum jildt ek dat sawat alle PC-oerwinningen fan foar it jiertal 1900 kamen. Allinnich Jan Reitsma wûn dêrnei noch twa kear de wichtichste keatswedstriid. Yn totaal wûn hy de PC njoggen kear en dêrmei is er dield rekôrhâlder.

Fier en tichtby

De plakken mei de measte PC-winners konsintrearje harren benammen om Frjentsjer hinne. Dat is fansels net al te nuver. Mar in inkele kear komt it foar dat in winner wol hiel fier by Frjentsjer wei komt: der binne in tal winners út Winsum yn Grinslân, út Grins sels en ek in tal út België.

Persoanlik rekôrhâlders

Persoanlik rekôrhâlders binne der ek: Taede Zijlstra en Jan Reitsma hawwe de PC it faakst wûn. Yn totaal njoggen kear mochten sy harsels PC-winners neame. Dêrby waarden se ek beide trije kear kening.

Hoe grutter it keatsbaltsje, hoe mear PC-winners it plak hat. Klik hjir foar de ynteraktive kaart, wêrby'tst by alle plakken sjen kinst hokker PC-winner dêr wenne.

Foto: Tableau / Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Harns keatsen Frjentsjer PC Sweins
(advertinsje)
(advertinsje)