Meardere konteners yn 'e brân stutsen yn Drachten

30 jul 2019 - 07:27

Yn Drachten binne yn de nacht fan moandei op tiisdei meardere konteners yn 'e brân stutsen. It earste eksimplaar stie yn 'e brân oan de Noarderdwersfeart. In bewenner koe dy útmeitsje mei in brândwêster en in wetterslang.

Foto: SrFotografie

Wylst de brânwacht oan it neidwêsten wie, melde in bewenner fan De Leijen dat dêr ek in kontener yn de brân stutsen wie. De bewenners hiene dy brân sels útmakke.

Koart foar de brân hearden se trije knallen. Ien fan de bewenners betrape de brânstichter, dy't ferfolgens útnaaide. De plysje hat noch nei de fertochte socht, mar net ien fûn.

(advertinsje)
(advertinsje)