Himpkwekerij oantroffen yn Noardwâlde; twa oanhâldingen nei wylde efterfolging

30 jul 2019 - 13:01

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in himpkwekerij oantroffen yn Noardwâlde. Dêrby binne twa manlju fan 22 en 30 oanhâlden. Ien fan de fertochten waard tydlik mei boeien fêstmakke oan in lantearnepeal, in twadde is by syn oanhâlding troch in plysjehûn biten.

De plysje krige tiisdei nei middernacht in melding fan in fertochte situaasje by in gebou oan de Haadstrjitte-West yn it doarp. In omstanner hie sjoen dat in persoane-auto mei de ljochten út yn de rjochting fan in loads ried. Doe't aginten oankamen, seagen se meardere persoanen by it pân. Dy naaiden allegear út. De maresjaussee en meardere plysje-ienheden waard ynsetten om de fertochten te finen.

Lantearnepeal

De earste fertochte koe al gau pakt wurde en waard fêstmakke oan in lantearnepeal. De twadde draafde de bosk yn, mar waard mei behelp fan in plysjehûn dochs fûn. Dy biet de fertochte yn syn achterste, wêrnei't de aginten him arrestearje koene.

Omdat der op dat stuit noch gjin plysje-auto beskikber wie om it duo nei it buro te bringen, waard er oan in lantearnepeal neist syn maat fêstsetten.

Foto: ProNews

It is de plysje net dúdlik hoefolle persoanen útpykt binne. De aginten sizze dat se minstens trije man sjoen hawwe, mar neffens omstanners soe it gean om fiif oant seis persoanen.

In auto dy't by it gebou fûn is, is yn beslach naam. Foar de biten fertochte waard in ambulânse oproppen, mar nei kontrôle die bliken dat er net ôffierd hoegde te wurden nei it sikehûs.

Foto: ProNews

De plysje-aksje luts in soad publyk. De beide fertochten sitte op it stuit fêst foar fierder ûndersyk.

De plysje is tiisdeitemoarn fierder gien mei it ûndersyk yn it pân en trof dêr in himpkwekerij oan mei 500 planten en stekken. Dy sille ferneatige wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)