Boeren sette de Stellingwerven yn kleur

29 jul 2019 - 22:33

Der komme hieltyd mear kleurige greiden yn de Stellingwerven fanwege it sukses fan it projekt Stepping Stones fan de agraryske-natoerferiening Gagelvenne. Yn dit projek wurde hoekjes lân dy't de boer net brûkt, ynsiedde mei in krûderyk mingsel. De effekten dêrfan binne op it stuit goed te sjen en soargje foar in protte kompliminten.

Tjerk Hof en Trea Doornenbal - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"De minsken fine it geweldich en wy as boeren ek", fertelt feehâlder Tjerk Hof fan Aldeberkeap. "Boppedat is it effektyf", leit er út. "It is goed foar de grûn, it ynsektelibben en de fegetaazje." Yn Appeskea kamen fan boargers sa'n soad positive reaksjes dat de gemeente no ek begûn is om bermen mei dit sied yn te siedzjen.

Kursus biodiversiteit

Om op dizze wize de biodiversiteit fierder te fergrutsjen, wurden der meardere kursussen oanbean. De belangstelling dêrfoar is sa grut dat de trije ynplande data al folboekt binne. It giet neffens de inisajtyfnimmers net allinnich om stikjes berm dy't oer binne. "Ek yn de gewoane greide wolle wy de hynste- en pinksterblom wer sjen!"

Harkje hjir nei de reportaazje

(advertinsje)
(advertinsje)