Mûze-attraksje hâldt op nei kommentaar fan biste-aktivisten

De ferneamde mûzestêd-attraksje fan Wobbe en Jellie Nieborg ferdwynt nei mear as 70 jier fan de merken. De merke-ûndernimmers út Sint-Jânsgea reizigje al jierren mei sa'n 140 mûzen by de merken del. De mûzen bin dêr dan boartsjend te sjen yn in âld-Hollânsk miniatuurstêdsje. Mar se skeie der mei út, nei in protte kommentaar fan biste-aktivisten.
© Omrop Fryslân, René Koster
Biste-aktiviste Karen Soeters hie ferline wike in twitterberjocht pleats nei oanlieding fan de attraksje op de merke fan Tilburg. Dat wie oanlieding foar in stoarm oan negative reaksjes, benammen op social media. Om in konkfrontaasje foar te kommen, namen Wobbe en Jellie it beslút om de attraksje ticht te hâlden. No wolle se der mar hielendal mei ophâlde.
Jellie en Wobbe Nieborg © Omrop Fryslân, René Koster
Oer sukses hat it stel net te kleien. "Oeral dêr't wy komme, meitsje se der reklame foar", fertelt Jellie. "Dus ek dy aktivisten witte dan presys wêr't wy binne. Dat jout gedonder en dat wolle we net. Wy lûke altyd in soad gesinnen mei jonge bern, dan kinne wy de feiligens net garandeare." Wobbe heakket dêr noch oan ta dat er net foar him sels ynstean kin as aktivisten oan syn guod komme soene: "Dan spreken wij elkaar weer in de gevangenis. Ik ken mezelf."
Als die activisten aan mijn spullen komen, sta ik niet voor mezelf in.
Wobbe Nieborg fan de mûzestêd
Foar de mûzen wurdt in goed plak socht en oars hâlde se de bisjes sels: "Want it binne ús freonen", seit Jellie mei klam. Hoe't se tenei harren brea ferstjinje sille, wit it stel noch net. "Dêr moatte we noch mar efkes goed oer neitinke."
Part dekôr mûze-stêd © Omrop Fryslân, René Koster
Wobbe en Jellie oer harren beslút om op te hâlden mei de mûzestêd