Fytserke rekket ferwûne by oanriding yn De Westereen

Moandeitejûn is in fytserke yn De Westereen ferwûne rekke by in auto-ûngelok. It slachtoffer wie op 'e fyts en waard op de Ljurkstrjitte oanriden troch de auto.
© De Vries Media
Meardere helptsjinsten kamen yn aksje, wêrûnder de traumahelikopter út Eelde. Hoe slim de ferwûnings fan it slachotffer binne, is net bekend. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.