Andries Nieuwenhuis kriget 'Gouden Wiel' foar jierrenlange ynset by Profronde Surhústerfean

29 jul 2019 - 21:27

Speaker Andries Nieuwenhuis fan de Profronden fan Surhústerfean hat moandei út hannen fan distriktsfoarsitter Rikus Bartol fan de KNWU it 'Gouden Wiel' krigen foar syn jierrenlange ynset by de hurdfytswedstriid. Nieuwenhuis waard ferrast yn kafee Kolkzicht, dêr't er de priis ûntfong.

Foto: Erik Jager

Nieuwenhuis wie jierrenlang sels fanatyk hurdfytser by de amateurs. Yn 1983 rekke hy belutsen by de organisaasje fan de Profronde en al rap waard er frege om as speaker ferslach te dwaan. Fan it ien kaam it oar en op in stuit moast Nieuwenhuis kieze tusken presintearje of sels fytse. Hy keas úteinlik foar de mikrofoan en is al hast fjirtich jier it lûd fan de Profronde fan Surhústerfean.

Grutte nammen oan de start

Tiisdei giet om 19.00 oere de 38e edysje fan de Profronde fan Surhústerfean fan start. Oan de start steane dit jier op 'e nij tal fan grutte nammen, ûnder oaren Steven Kruijswijk, Vincenzo Nibali en Romain Bardet.

(advertinsje)
(advertinsje)