Winners en ferliezers by silerij op De Feanhoop - besjoch hjir de hichtepunten

29 jul 2019 - 19:02

Winners en ferliezers moandeitemiddei op it wetter by De Feanhoop. Skipper Albert Visser pakte moandei mei it skûtsje fan De Lemmer syn twadde winst by it SKS Skûtsjesilen op De Feanhoop. Wêr't it oan board fan De Lemmer feest wie, wiene der op oare skûtsjes ferliezers te finen. Sa hie Jeroen Pietersma, skipper fan Langwar bloed oan de knibbel en waard de fokkenist fan Wâldsein mei in speedboat fan board helle, omdat er ferwûne rekke wie oan de holle. Wy setten de hiele wedstriid foar jim op in rychje.

Skûtsjepool

Neat misse fan it SKS skûtsjesilen? Sjoch foar alle fideo's, útslaggen en de Skûtsjepool op https://www.omropfryslan.nl/skutsjesilen

Trefwurden: 
De Feanhoop skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)